FryslânDOK biedt filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't derta dogge, dy't reitsje of dy't diskusje oproppe, oer ûnderwerpen yn Fryslân.

De Frysktalige dokumintêres fan FryslânDOK wurde Nederlânsk ûndertitele. De útstjoerings binne te sjen sneons by NPO2 om 15.30 oere (werhelling sneins) en sneins by Omrop Fryslân om 17.00 oere (werhelling alle oeren). Ek hat FryslânDOK in eigen podcast: 'FryslânDOK, ferhalen fan it flakke lân'.

Ferwachte dokumintêres:

  • It Amelân, de wâl en it skip - 19 maaie
  • Nije buorlju - 26 maaie
  • Mei hout en siel - 2 juny
  • Pathfinder Lost, de syktocht nei fermiste flaters - 9 juny
  • De keapman en de dûmny - 23 juny
  • Underhûds - 30 juny